Wie weet waar of wat dit is? Seisbjirrum – Easterbjirrum?

Foto Thom Kuurstra

Ons bestuurslid Thom Kuurstra is in het bezit van bovenstaande foto. Deze is ooit genomen in de Pastorijbuorren te Sexbierum. Het jaartal waarin deze foto is gemaakt, evenals de details van deze woning of winkel zijn hem echter onbekend. Zijn er mensen die hier nog iets over kunnen vertellen? Reacties naar OudBarradeel@outlook.com

Van Theunis Ruim uit Apeldoorn kregen we het onderstaande antwoord waarvoor hartelijk dank.

Ik bin Theunis Ruim út Apeldoorn en ha tusken 1932 en 1953 oan de Buorren 11 yn Easterbierrum wenne. Us heit hie in timmer-oannimmersbedriuw, wie fierder radio-zendamateur ûnder de call PAoRA, wie eigner fan it selsbouwde radio-dis-tribúsjenet yn it doarp en ferkocht ek radio’s, eartiids noch op akku’s, want d’r wie noch net oeral elektryk yn en om it doarp.

De foto.
Dit plaatsje is in stikje Easterbierrum en gjin Seisbierrum en it adres sil nei alle gedachten wol “Buorren..”west ha. Oan de rjochterkant fan it hûs stie in skuorre, dy’t troch Marten van der Woude as stâl foar syn hynder(s) brûkt waard. Foar de skuorre, nei de buorren ta, stie de winkel fan Marius Ytsje. Letter is dat hûs ombouwd foar de Boerenleenbank. Lofts fan de wenning lei in stik bougrûn.Efter it hûs op’e foto leinen noch twa wenningen en de steech tusken dit hûs en de skuorre rûn út op de doarpsfeart. It hûs op ‘e foto wie eartiids de wenning fan slachter Siebren Hoekstra. It wenhûs, de winkel en de slachterij binne dúdlik te sjen. Siebrenen en syn frou Ymkje hiene ien famke: Akke Hoekstra. Nei it ferstjerren fan slachter Siebren, moast Ymkje mei Akke har yn in diakonijwenninkje efter de tsjerke nei wenjen sette. Om yn har libbensûnderhâld te foarsjen, rûn se freeds mei de bolkoer foar bakker Sieger Meina.’t Wie in bolkoer mei koekeguod en pûdjes mei koekjes. Nei it ferstjerren fan Siebren, begûnen twa broers út ‘e greidhoeke, ik tink út Iens/Rien, mei in slachterij. D’âldste wie Willem en syn jongere broer is letter troud mei Griet Visser. Op it heal-ferhurde pleintsje tusken de winkel fan Maruis-Ytsje en de túnhage fan Kees Statema organisearren de Hoekstra’s yn de dagen en wiken nei de befrijing yn april 1945 gesellige jûnsfeestjes mei muzyk, folksspultjes en fansels oan d’ein in polonêze. De foto is makke doe’t Johannes Stellingwerf, trouwd mei Janke Visser, in suvelwinkel yn de eardere slachterij begûn wie. Troch waar en wyn mei de brijkarre/bakfyts molke, sûpenbrij, bûter en tsies troch it doarp útsutelje. By de winterdei wie it in dreech bestean en as it tige frear, moast Johannes sa noen dan by syn klanten om in tsjetteltsje hjitwetter freegje om de beferzen kranen fan syn molkbussen te  ûntteien. Johannes wie trouwens de twadde molksuteler yn ’t doarp, want Uiltje Bakker út’e Bjusse hie, tink ik, al in besteande klantekring. Johannes wie ek noch postrinder yn Easterbierrum en omkriten.
De foto brocht my dit ferhaaltsje yn ’t sin.

Voeg toe aan je favorieten: permalink.

3 Responses to Wie weet waar of wat dit is? Seisbjirrum – Easterbjirrum?

  1. Ik herkende deze woning direct als het huis van melkboer /postloper Johannes Stellingwerf. Als kind kwam ik er wel in huis . Sjoerdtje was een klasgenote van mij en speelden wel samen . Het verhaal van Theunis Ruim klopt helemaal.
    Mijn ouders hebben nog gewoond achter dit huis .Dat stond dus aan de dwarsfeart. Je kon daar komen door de steeg tussen het huis van de melkboer en de schuur van Marten v.d. Woude. Dit was het ouderlijk huis van mijn heit Halbe Kolthof.

  2. Ingrid Schaap zegt:

    Buorren 49 in Oosterbierum.
    Mijn ouders (Wytze en Clara Schaap) en wij kinderen: Jaap Dirk, Ingrid en Marga, hebben daar vanaf januari 1972 gewoond, waar ze eerst een SRV winkel hadden, vanaf 1979 zijn ze begonnen met een autorijschool.

  3. Sjoerdtje Stellingwerf zegt:

    It verhaal fan Theunis Ruim kloppet aardig. It adres fan it “molkboershus” wie Buorren 49. Letter Buorren 77.
    De skuorre fan Marten stie net rjochts mar links fan it hus en it stik bougrun lei rjochts fan it hus.
    Rjochts, flak neist hus hie mem de bleek. Der achter wie de jister. Yn gebruk by de gemeente. Neffens my opslach foar de hankarre en ark, wer de strjitten mei skjin halden waerd. ” Lytse” Eibert Terpstra wie de man der foar.

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Verplichte velden zijn gemarkeerd met *

De volgende HTML tags en attributen zijn toegestaan: <a href="" title=""> <abbr title=""> <acronym title=""> <b> <blockquote cite=""> <cite> <code> <del datetime=""> <em> <i> <q cite=""> <strike> <strong>