Emigranten fan Doe – Neiteam fan No, in boek skreaune troch âld Easterbierrumer Piter van der Woude.

Yn novimber 2015 útkommen:Emigratie Woude
Emigranten fan Doe – Neiteam fan No / 200 bls.
Priis: € 20,00 plus evt portokosten (foar NL ca € 3,73)
Interesse? Stjoer my in email. Adres: schrijver13@yahoo.nl

Nei de oarloch wie emigraasje in hype. Elts woe fuort. Nei Canada, as nei Amearika, as Austraalje. Fuort mei de boat nei in oare takomst. Nea wer werom komme yn it heitelân. Mar hoe wie dat einliks foar de oarloch, wiene der doe ek al emigranten? Us heit hie it wol ris oer in Fokke van der Woude dy´t al fier foar de oarloch emigreard wie. Doe’t ik in pear jier lyn in boek skreau oer omke Harm de Vries die bliken dat der yn myn famylje oan memmekant ek fan dy betide emigranten west wiene. In Wietse de Vries wie al yn 1916 emigreard en syn suster Janke gong him yn 1923 efteroan.Hea, wat soe der fan dy minsken wurden wêze? Wêr wiene sy telâne kommen yn Amearika? Soe dêr noch neiteam fan te finen wêze? Sa begong it. Ik waard hieltyd nijsgjirriger nei dat fenomeen emigraasje. Emigraasje yn ’t algemien mar foaral emigraasje út de eigen streek: Barradiel, Easterbierrum, Seisbierrum, Tsjummearum.

Stadichoan ûntstie it idee om sels mar ris oan ‘e oare kant te sjen, om neiteam fan emigranten op te spoaren en te besykjen. It waard in hiele syktocht mar wat in moaie syktocht! Dit boek docht dêr ferslach fan.

piter

 

 

Piter van der Woude is skriuwer. Faak skriuwt hy oer minsken en saken dy ’t te krijen ha mei it libben yn Noardwest Fryslân sa as dat wie foar ’t de grutte feroaringen fan nei de oarloch plak fûn hiene. Hy is berne en opgroeid yn Easterbierrum en dat doarp sit foar altyd yn syn genen. As jonkje hat hy mei grutte eagen stien te sjen nei de famyljes dy ’t yn ‘e 50-er jierren ôfsetten nei fiere lânen. Dy soene nea wer werom komme. Want dat wie sa as je emigrearden.

 

 

 

 

 

 

Voeg toe aan je favorieten: permalink.

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Verplichte velden zijn gemarkeerd met *

De volgende HTML tags en attributen zijn toegestaan: <a href="" title=""> <abbr title=""> <acronym title=""> <b> <blockquote cite=""> <cite> <code> <del datetime=""> <em> <i> <q cite=""> <strike> <strong>