Jouke Bonsma de grienteboer út Tsjummearum
Dizze foto is makke begjin 50 er jierren yn Seisbjirrum wer’t Jouke Bonsma sutele mei griente en fruit. Der is ie as jonkje fan 12 jier al mei begon mei in hankarre, letter mei 2 hunen derfoar, noch wer letter in bakfyts. Ik ha sels de administratie noch.
Hy liende fl. 0,10 fan syn mem en kocht der ierappels, woartels en sipels fan dy’t er wer utsutele. Sa fertsjinne hy in pear sinten en koe wer opnij griente keapje.
Syn mem (myn beppe ) hat him altyd stipe.
Yn 1949 is er trouwd mei Jannie Tichelaar fan Easterbjirrum en hawwe doe in griente- en fruitwinkel kocht yn Tsjummearum. Ek is doe dizze Bedford oankocht en hat er jierren yn Seisbjirrum, Easterbjirrum, Firdgum, Alddyk en Seedyk en Tsjummearum sutele. Spytich genoch is er mar 58 jier wurden en hat er net fan frije tiid genietsje kinnen.
Naschrift OudBarradeel:
Het kenteken van het voertuig (BEDFORD) is B-35629 en is afgegeven op 4-4-1949 in de gemeente Barradeel (no. 199).
De auto is omgebouwd tot ventwagen voor aardappelen, groenten en fruit. Rond is 1965 is de auto verkocht en nog jaren gebruikt door een sloopbedrijf (oud ijzer boer). Het kenteken was toen RF-04-09.

