Ingezonden door Germ van Wijngaarden.
Mike Janzen(Mijntje Tjeerds Janzen). Hy wie soldaat by de luchtmacht fan Kanada en kaam nei de oarloch as soldaat út Kanada werom yn Fryslân by syn famylje.
Mijntje Tjeerds Janzen waard berne op 5 april 1908 yn Seisbierrum op’e pleats oan de Frjentsjerterdyk 7. Syn Mim, Akke Brems, in Bildtker, stoar yn maart 1923. Foar de famylje in grut fertriet. Syn Heit Tjeerd Mijntjes Janzen, in Seisbieremer, stoar koart dernei yn augustus 1926. De seis bern der’t Mijntje de âldste fan wie, waarden doe wees. Mijntje hie graach nei de HLS wollen om boskbouw te studearjen. Dat gong doe net troch. Mijntje krekt 18 jier is op’e boat nei Kanada stapt, der wenne in Omke. Hij hat der in soad meimakke. Yn’e oarlochsjieren is er as meganisien bij de Kanadeeske luchtmacht kommen.

Foarste rigel 4e fan links.
