Een jeugdherinnering van Theun Ruim over de “draadradio” in Oosterbierum.

“Eartiids”
Foar en ek noch in skoftke yn de twadde wrâldkriich wie ús heit timmerman-oannimmer yn ien fan de Bjirmen.
Mei twa fêste feinten wie der genôch wurk yn’t doarp en oars wol yn’e neiste omkriten.
It wurk bestie foaral út ûnderhâld fan wenningen en boerepleatsen , mar bytiden waard d’r ek wolris in nij hûs bouwd.
In spesjalisme fan it bedriuw wie it bouwen fan betonnen jarrekolken mei trochgeans in saneamd “broeihok”of berchplak foar set-ierdappels op sa’n put.

Neist syn drokke bestean wie d’r ek noch tiid foar in nijsgjirrige hobby: radiotechnyk. Al yn’e tweintigerjierren fan de foarige ieu bouwde hy sels stjoerders en ûntfangers en hie troch dizze apparatuer radio-kontakt mei oare send-amateurs oer de hiele wrâld.

De roepnaam PAORA van dhr. Ruim uit Oosterbierum

De roepnaam PAORA van dhr. Ruim uit Oosterbierum

Dizze hobbyisten stjoerden en ûntfongen berjochten troch radio-tillegrafy. Hja koene tige handich mei it “Morse-alfabet” omgean en fan al dy punten en streepkes wie ynternasjonaal in seneamde Q-koade fêstlein. Yn 1924 die hy by de PTT eksamen foar in sendfergunning, slagge mei hege sifers en keas foar syn ropnamme PAoRA.

Om’t er dus goed op’e hichte wie fan de mooglikheden yn de radiotechnyk en ek út saak lik eachpunt, hie er yn it doarp in saneamd ”radio-distribúsje-net” opbouwd, krekt as de PTT foar de tillefoan en it PEB foar de elektrisiteit. It waard ek wol tried-omrop neamd. By ús yn ‘e keamer stie in moai kastmeubel mei twa radio-ûntfangers: ien foar Hilversum-1 en d’oare foar Hilversum -2. Troch it netwurk fan peallen en trieden koene de doarpsminsken in oansluting op syn triedomrop hiere. Ik leau foar in stoer yn ‘e wike!

De hoge palen in het midden van de foto die zorgen voor de draadverbinding van de fam. Ruim naar de omliggende woningen.

De hoge palen in het midden van de foto die zorgen voor de draadverbinding van de fam. Ruim naar de omliggende woningen.

De hierders krigen dan in bakelieten lûdsprekkerke yn ‘e keamer. It kastke hie mar twa knoppen: ien foar it programma en ien foar it folume. Doe’t yn d’oarlochsjierren eltsenien syn radio by de besetter ynleverje moast, mocht de tried-radio noch bestean bliuwe en hierden in protte doarpsgenoaten mar in lûdsprekker. Wol waarden d’ elektrisiteit en in soad oare foarsjennings mei de wike krapper, mei as gefolgen dat de Hilversumse stjoerders jûns nei sânen al yn alle talen sweien.

Us heit woe lykwols syn hierders jûns wol wat ferdivedaasje biede en draaide dêrom troch de wike tusken sânen en achten grammofoanplaatjes.
It programme waard opfleure troch geastlike lieten fan û.m. Joh.de Heer, mar ek troch eartiids bekende marsmuzyk en opera-en operettefragminten. De harkers koene bij gelegenheid fan jierdeis en oare betinkingsdagen ek in fersykplaat oanfreegje. Dit muzykoerke krige yn ’t doarp in soad wurdearring.

Us mem wie trochgeans de”lady-speaker.” Sy soarge foar de oankundigings, de ferbiningsteksten, de lokwinsken en wat d’r fierder mar meidield wurde moast.
Bytiden mocht ik as skoaljonkje ek wat troch de mikrofoan sizze en it heucht my noch dat ik wolris in lietsje songen ha. Dat de harkers it ien en it oar wol wurdearren, hearde ik dan d’ oare deis wol op ‘e buorren of op ’t skoalplein.
Der is lyksols nea immen wêst dy’t doe sein hat: ”Asto grut bist, kinst wol DJ-discjockey-wurde.” Dat wurd moast destiids noch betocht wurde. ’t Is d’r nea fan kommen en it sil him ek nea mear wurde! Oare tiden, oare ambysjes en oare kultuerdragers.

 

Voeg toe aan je favorieten: permalink.

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Verplichte velden zijn gemarkeerd met *

De volgende HTML tags en attributen zijn toegestaan: <a href="" title=""> <abbr title=""> <acronym title=""> <b> <blockquote cite=""> <cite> <code> <del datetime=""> <em> <i> <q cite=""> <strike> <strong>