Skriuwkeunst
It skriuwen ha ‘k leard by juf Boersma en by master Strikwerda.Ik hie wol nocht oan moaiskriuwen en ik koe it ek wol aardich. Tink ik.As je hiel moai skreaun hiene dan krigen je fan ‘e juf in stimpel ûnder oan de bledside. By master Strikwerda krigen je allinne in ‘krul’ fan syn reade pen. Dat betsjutte ‘Goed’. Net it Fryske ‘goed’, nee it Hollânske ‘Goed’.Mar as je it aldermoaist fan ‘e hiele klasse skreaun hiene, no dan mochten je efteryn ‘e klasse sitte en dan mochten je mei reade inkt skriuwe, yn stee fan gewoane blauwe inkt. Dat gong dan sa:
En sa in hiele bledside fol.Dat wie sawat 1952. Je skreauwen doe noch mei in ‘kroontjespen’ en elke skoalbank hie in inktpotsje dêr’t je by it skriuwen dy pen yn stekke moasten en dan koene je wer in pear wurden skriuwe. Altyd foarsichtich want oars krigen je samar in inktflek op je papier. No dan koene je de krul fan master wol ferjitte want dan hiene je ‘slordig’west.
Ik koe wol moai skriuwe, mar net sa moai as myn pake. Pake Pieter koe it aldermoaist skriuwe, dêr wie ik wis fan. Us mem hie dat ferteld en beppe ek. En myn omkes ek: allegear seine se it. Sa moai as pake koe net ien skriuwe.Doe ’t ik wat âlder wie seach ik dat ek mei myn eigen eagen. Want pake siet faak te skriuwen. Notulen fan ‘e tsjerkeried skreau hy. Moai regelmjittich skrift. Hy siet dan oan ‘e keamertafel en dan hie hy in bril op. Dat stie wol deftich. Hy skreau dan yn in grou Notulenboek en je mochten dan net mei him prate.Ik wist net wat hy skreau mar it stie wol hiel moai. Ik seach der lang nei en woe doe wol dat ik sa moai skriuwe koe. Mar nee, dat soe wol noait slagje.
Pake fertelde dat hy dat moaiskriuwen leard hie yn it leger. Dêr hie hy lang yn sitten. ‘Yn ‘e mobilisaasje’ neamde hy dat. Hy wie jierren lang mobilisearre west yn ‘e tiid fan ‘e earste wrâldoarloch. Hy hie it sels ta sersjant brocht en hy hie ek wol yn it leger bliuwe kinnen. Mar dat woe beppe net; sy woe net út Easterbierrum wei. Dat doe is dat net troch gongen. Pake is letter altyd arbeider bleaun by boer Zijlstra op Kleaster Lidlum.
Us pake is stoarn yn 1961, hy wie doe 73 jier. Ik fûn it o sa fertrietlik want ik wie gek op pake. Mar hoe giet soks dan fierder? No je wurde sels folwoeksen, je tinke noch wol mei leafde werom oan dy tiid dat pake en beppe noch libben. Mar it wurdt stadichoan minder. De jierren bliuwe mar kommen; heit en mem wurde âlder en komme ek te ferstjerren. Je ha sels bern dy’t earst lyts binne, mar dan ek wer grutter wurde en úteinlik folwoeksen. En soms tinke je noch wer ris mei weemoed oan eartiids.
Ja, dat ferline, myn skoaltiid, de tiid fan heit en mem en pakes en beppes en omkes en muoikes en kammeraten en herfoarmen en grifformearden, wat leit it al fierhinne ûnder it stof fan ‘e ferjitnis.
Telefoantsje út in fier ferline
Mar soms, ynienen bart der eat dat it ferline wer eefkes werom hellet, ta libben bringt, krekt as krije je in telefoantsje út in lang ferfleine tiid. Sa’n telefoantsje krige ik yn 2011. Ik hie fan myn broer Siem heard dat der op ‘e webside fan Tresoar in foto-argyf wie. Dat woe ik wol ris besjen. Dus ik sykje ûnder it trefwurd ‘Oosterbierum’. No, in protte foto’s, wol mear as hûndert. Nijsgjirrige âlde foto’s, ik ha der in skoft yn om sneupt. Mar ja, 107 foto’s is wol in protte, dus ik beseach se net allegear. In pear moanne letter: noch ris besjen. En doe foel myn each op de alderlêste foto, mei nûmer STH0849. “Een aantal mensen in een straat te Oosterbierum“, stie der by. En “Poststempel 27-08-1908”
“Bliksem! Dat is in âlden ien”, tocht ik. “Dy moat ik eefkes better besjen”.
Ja, die ‘straat te Oosterbierum’ dat wie de Buorren, dat koe net misse. De minsken op de foto koe ik fansels net, allegear fan fier foar myn tiid.
Mar neist de foto wie wat skreaun. En dat skrift! Ik koe it drekst werom: it skrift fan pake. En dat it fan him wie waard my ek drekst befêstige, want wat stie dêr?
“Afz. P. de Vries, p/a W. de Vries, Oosterbierum, Friesland”
In kaart fan ús pake út 1908! Mear as hûndert jier nei ’t hy him ferstjoerd hat fyn ik dy kaart! Pake syn heit hiet Wietse en dat p/a W. de Vries betsjutte dat pake doe noch thús by syn heit en mem wenne. No dat kin wol útkomme want doe, yn augustus 1908 wie pake 21 jier en hy wie noch net troud want dat barde pas yn 1912.
In briefkaart oan wa?
Dus pake skreau in kaart mei in foto fan ‘e Buorren. Mar oan wa? Ja, dat stie op ‘e efterkant fan dy briefkaart mar dy wie net te sjen op ‘e webside. Wêr soe it orizjineel fan dy briefkaart te finen wêze? Broer Siem brocht wer útkomst: dizze foto kaam út de kolleksje fan in echte fotosamler: Sytze ten Hoeve. Dus as ik it orizjineel sjen woe moast ik kontakt opnimme mei Sytze ten Hoeve. Ik koe de man net, neffens Siem wie hy eartiids direkteur fan it Skipfaartmuseum yn Snits west, mar no pensjonearre. En hy soe wenje yn Nylân. Nei noch wat fierder sykjen fûn ik syn emailadres en ik skriuw him in briefke mei it ferhaal oer dy kaart fan myn pake. En Sytze reagearre drekst. Hy sei: “Ik fyn dat sa’n moai ferhaal oer jimme pake dat ik stjoer dy de kaart ta en dy meist hâlde, it is in kado”. No geweldich fansels.
In pear dagen letter kaam de kaart mei de post. Fan Sytze ten Hoeve út Nylân. En sa seach de efterkant der út:
Wer pake syn prachtige skrift: Aan Den milicien D. Winsemius. In postsegel fan in sint der op. In poststimpel fan Easterbierrum en ien fan Voorthuizen. De datum fan 27 augustus 1908 wie ek wol te ûntsiferjen.
Mar wa wie ‘De milicien D. Winsemius’? Milicien is in âld wurd foar soldaat. Wie dit in freon fan pake? In kollega-militêr? Pake siet sels yn dy tiid faaks ek yn tsjinst, ik hie ek noch wol in foto fan him as soldaat. No ik moast hjir noch wat fierder yn dûke. Dat betsjut tsjintwurdich: sykje, sneupe op it ynternet. Mei WieWasWie.nl fûn ik dat Pieter Wietses de Vries yn Easterbierrum berne wie op 12 oktober 1887. In moanne letter, op 14 novimber 1887 waard yn Easterbierrum berne: Doede Piers Winsemius, soan fan Pier Johannes Winsemius. Dus wiene pake Pieter en dizze Doede Winsemius leeftiidsgenoaten. Se hiene by inoar op skoalle sitten, kamen út itselde miljeu (beide heiten wiene arbeider) en faaks wiene se tagelyk nei it lotsjen foar soldaat west en wiene se beide ynlotte.
Dat soe sa sa mar kinne. Wêrom as pake dy kaart skreau is net mear út te finen. It wie net foar Doede syn jierdei, want dy wie yn novimber. Hawar, de oanlieding foar dy kaart litte wy mar sitte. Pake skreau in kaart en Doede is der fêst bliid mei west.
En hoe gong it fierder?
Sa as ik al skreau: pake hie wol by de soldaten bliuwe wollen mar dat woe beppe net, want dan hiene se ferhúzje moatten nei Venlo of sokssawat en dat woe beppe perfoarst net. Dus pake waard arbeider yn Easterbierrum, troude mei Simontje Klazes Jellesma en krige mei har in grut gesin fan trije dochters en fiif soannen. Hy wie fjoerich oranjeklant, oertsjûge grifformeard en antyrevolúsjonêr. In ‘e rin fan ‘e jierren waard hy in man fan kwizekwânsje yn it tsjerklik libben. Breed hat hy it noait hân, mar doe’t hy santich waard, yn 1957, krige hy fan Drees en koe hy ophâlde mei wurkjen sûnder finansjele soargen foar de âlde dei. Mar hiel lang hat dat soargeleaze bestean net duorre wan yn 1960 waard pake slim siik en dat koe net wer better. Hy is yn maart 1961 ferstoarn en begroeven yn Easterbierrum.
En hoe fergie it pake syn skoalmaat Doede Winsemius? No dy hat wer in hiel oar libben hân. Net dat ik my dêr ynearsten sa mei dwaande hâlde. Hielendal net einliks. Mar ik kaam al ris ien tsjin dy’t him kinnen hie. Tenminsten, dat sei hy of sy. Wa as dat no wie dat wit ik net mear. Stom, dat hie ik opskriuwe moatten mar dat die ik net. Mar dy persoan tocht dat Doede Winsemius learaar wurden wie, earne yn it midden fan it lân, yn Veenendaal of Driebergen of sa. En hy wie altyd frijgesel bleaun. No dat klinkt reedlik, dus dêr socht ik net fierder nei. By tafal fûn ik noch wol wat aardichs oer Doede en noch in pear Easterbierrumers.
Dat wie doe’t ik ûndersyk die nei emigraasje út Easterbierrum nei Amearika. Yn 1923 emigrearde Janke de Vries, in muoike fan myn mem nei Amearika. Sy gong, 22 jier âld, nei South Dakota, dêr’t har broer Wietse ek al wenne. Einliks mocht se net fuort fan har âlden, Siem en Akke de Vries. Mar se hie dochs tastimming krigen want op it skip soe se ûnder goed tasicht stean, nammentlik fan dûmny Wiersma, de heechste morele autoriteit fan it grifformearde part fan Easterbierrum.
Doe’t ik my ris yn dy emigraasje ferdjippe fûn ik dat Janke reizge mei de Nieuw Amsterdam en dat se op 22 april 1923 yn New York oankaam. Mar ik fûn ek dat se mei noch mear selskip út Easterbierrum reizge: Doede Piers Winsemius gong op itselde skip mei nei Amerika. Doede soe net emigreare; neffens de passagierslist wie Doede 35 jier en ‘teacher’ en soe hy nei syn broer Hyltsje Winsemius dy’t yn Clifton wenne, in kilometer as tritich westlik fan New York.
Dûmny Wiersma soe trouwens ek by in broer op besite, mar dy wenne yn Lansing by Chicago, noch sa´n 1200 km mei de trein út New York nei it westen. Janke moast deselde kant út, mar sy gong nei Chicago noch ris 1000 km fierder om yn South Dakota te kommen. Wol aventoerlik allegear, wa hie dat no tocht fan sokke doarpslju út Easterbierrum ?
Nei in wike as seis kamen dûmny Wiersma en Doede Winsemius wer werom nei Nederlân. Janke de Vries bliuw yn Amearika, har âlden ha har nea wer sjoen, likemin as har broer Wietse. No kom dochs noch even op Doede werom. “No ja”, tocht ik, “frijgesel en learaar. Dy kin wol sa’n reiske nei Amearika betelje om te sjen hoe as broer Hyltsje dêr wenne”.
En dêrnei wer werom komme en fierder gean mei syn learaarsbestean earne yn Nederlân.
En sa skreau ik dêr ek oer yn myn boek oer emigraasje.Mar o o je moatte altyd sa foarsichtich wêze mei je konklúzjes. Want faak is de werklikheid dochs wer oars. Sa ek yn dit gefal.
In man út Seisbierrum, Pieter Post, boer yn rêste oan ‘e Hoarnestreek, hat myn boek oer de emigraasje lêzen.
“Wat fûnen je der fan?”, frege ik.
“Ja moai. Ik ha it mei nocht lêzen’, sei Post. Ik neam him by syn efternamme want hy is folle âlder as ik. Hy hat de earbiedweardige âldens fan 90 jier.
Lang, lang lyn ha ik by him wurke yn ‘e ierappels.
“Mar ik hie noch wol in pear oanmerkingen”, sei hy.
No dêr stean ik altyd foar iepen fansels en fan Post ferwachtsje ik fêst nijsgjirrige observaasjes.
“No ja, dy Doede Winsemius yn dyn boek, dy frijgesel”, sei Post.
“O ja, dy ’t nei syn broer yn Clifton reizge”, sei ik.
“Just, dy. Mar dat wie net in frijgesel”
“O nee?!”, sei ik ferheard.
“Nee, en hy wie ek gjin learaar. Hy wie ‘schoolopziener’ yn Indië, op Sumatra”, sei Post.
Dêr seach ik fan op fansels. Mar Pieter Post koe it witte want dy Doede troude yn 1923 mei in suster fan syn mem. Dat siet sa:
Doede Winsemius wie as frijfeint nei Indië tagongen, faaks sawat 1917 hinne, mooglik noch wol earder. It kin wêze dat hy ynearsten ûnderwizer wie.
Mar letter waard hy ‘schoolopziener’. Yn 1923 koe hy foar it earst mei ferlof nei Nederlân.
Hy kaam hjir foar fakânsje, mar ek om in frou te sykjen. En mei beide saken slagge hy goed. Op fakânsje gong hy net allinne nei Fryslân, nei syn âlde lju yn Easterbierrum, mar ek nei Amearika nei syn broer. Doe’t hy yn ‘e simmer werom kaam út Amearika socht hy in frou en dat slagge ek fluch. Yn Seisbierrum fûn hy Wilhelmina Westra, dochter fan Pieter Westra en Maria Bakker. En sy seach sa’n aventoer mei Doede yn Indië wol sitten. Se trouden yn augustus 1923, hy wie 35 en sy 25. Se binne al gau dêrnei wer ôfstutsen nei Indië. Dêr ha se trije bern krigen. Reintsje Westra, in jongere suster fan Wilhelmina troude yn itselde jier mei de Seisbierrumer boer Jelle Sybrens Post. Ien fan harren bern wie Pieter Post.
Pieter wie dus in omke- en muoikesizzer fan Doede Winsemius en Mine Westra.
Dy ha noch hiel wat jierren yn Indië wenne, mar úteinlik binne se noch foar de oarloch werom kommen en se ha dus de Japanske besetting fan Indië net meimakke. “Omke Doede hie in goed pensjoen. Sy wennen yn Zeist en wy fûnen dat hy ús rike omke wie”, fertelde Post my.
In 1951 is Doede Winsemius yn Zeist ferstoarn, 63 jier wie hy. Hy is begroeven yn Seisbierrum, neist Mine, syn frou.
© Piter van der Woude
Juny 2016
1/ Piter van der Woude, Emigranten fan Doe – Neiteam fan No Reizgje yn Noard Amearika en yn it ferline
Wat in moai libbensferhaal. As ik wat fan Easterbierrum lês, hat it myn oandacht, troch dat myn heit Pieter (Albert )Dykstra der berne en libbe hat. Seedyksters wine it. Fjouwer fan myn bruorren binne nei Amerka emigreerd. Mei belangstelling lêzen!
Zeer uitzonderlijk dat je zelf zo’n oude kaart van je pake aantreft en die heer Winsemius had eens moeten weten dat zijn leven 108 jaar later nog eens uitgebreid onder de aandacht wordt gebracht. Ik zal komende kerst toch maar weer eens wat kaarten sturen.